Programma 13.00 oere Wolkom 13.15 oere Prof. dr. Patrizia Lendinara (Palermo), ‘Invention and continuity in the Old Frisian compounds’ 13.45 oere Drs. Anne Popkema (Grins), ‘Freeska Landriucht: the sole survivor of the Oldersum library’ 14.15 oere Skoft mei tee/kofje 14.45 oere Dr. Oebele Vries (Ljouwert), ‘Instances of reported direct speech in late Old Frisian’ 15.15 oere Dr. des. Mirjam Marti (Zürich), ‘On word formation patterns for agent nouns in Old Frisian’. 15.45 oere Skoft, mooglikheid om nei it Groot Auditorium te gean. 16.15 oere Ofskiedskolleezje prof. dr. Rolf Bremmer ‘Meer dan taal: tekstgemeenschappen in Middeleeuws Friesland’ Lokaasje: Academiegebouw Universiteit Leiden, Groot Auditorium 17.00 oere Resepsje Op freed 16 juny 2017 nimt prof.dr. Rolf Bremmer ôfskied as bysûnder heechlearaar Fryske Taal- en Letterkunde oan de Universiteit Leiden. Dizze lear- stoel hat er út namme fan de Fryske Akademy sûnt 2002 beset. Tagelyk nimt Rolf Bremmer ôfskied fan syn learstoel Ingelske Filology. Yn de tiid fan syn heechlearaarskip hat Rolf Brem- mer ferskate wichtige publikaasjes skreaun, lykas Hir is eskriven. Lezen en schrijven in de Friese landen rond 1300 (2004) en An Introduction to Old Frisian (2009). Fierder binne der ûnder syn meiredakteur- skip twa ynternasjonale bondels mei artikels oer it Aldfrysk ferskynd: Advances in Old Frisian Philology (2007) en Directions for Old Frisian Philology (2014). Syn ûndersyk hat grutte ynfloed hân op de stúdzje fan de skiednis fan de Fryske taal yn it algemien en dy fan de Aldfryske taal en kultuer yn it bysûnder. Om syn ôfskied en it wurk dat er benammen op it mêd fan de Aldfryske Taal- en Letterkunde dien hat te markearjen, organisearret de Fryske Akademy in sympoasium foarôfgeand oan syn ôfskiedskolleezje. Foar dit sympoasium wurde jo fan herten útnûge. Utnûging Ofskiedssympoasium foar prof. dr. Rolf Bremmer www.fryske-akademy.nl It sympoasium wurdt holden yn seal 1 fan Academiegebouw Universiteit Leiden (Rapenburg 73, 2311 GJ Leiden) Datum en tiid: freed 16 juny 2017, 13.00-17.30 oere Tagong: fergees Opjefte: uterlik moandei 5 juny 2017 fia www.fryske-akademy.nl/bremmer Ut sendta riucht